Melle & Jelle SAFIER
Yn de maitiid fan 2020 kaam in âlde langst boppe: in programma meitsje mei moaie lieten út de Nederlânske Kleinkunst. Tegearre gongen wy op syk nei geskikte nûmers. Der waard besletten om inkelde fan dizze nûmers oer te setten yn it Frysk. Jelle makke de piano arranzjeminten, Melle bûgde him oer de teksten en sa ûntstie ‘SAFIER’. Yn de hjerst fan 2022 gie in programma yn première yn it Baron Theater yn Grinzer Pein. Sûnt is it op ferskillende plakken spile en binne de reaksjes tige posityf. Ek it kommende seizoen is ‘SAFIER’ noch te hearren.
Jo kinne yn ‘SAFIER’ genietsje fan teksten fan ûnder oaren Hans Dorrestijn, Willem Wilmink, Jules de Corte, Stef Bos en Rients Gratama. Fansels sille ek in pear echte ‘Melle & Jelle klassikers’ net ûntbrekke. Om’t it allegearre peareltsjes binne; it is SAFIER!
Boeken Melle & Jelle
‘SAFIER’
Mei ‘SAFIER’ biede wy in jûnsfoljend teäter programma (2 x 50 min.) Wy beskikke sels oer alle apparatuur wat ljocht en lûd oanbelanget. As jo de romte biede, soargje wy foar in moaie teätersfear.
Promoasje materiaal, lykas flyers en oanplakbiljetten, kinne wy foar jo fersoargje.
Melle & Jelle
Wy komme ek graach mei allinne gitaar en bas. Wy sjonge dan selsmakke Fryske lietsjes en dat programma is yn oerlis gear te stallen. Meastentiids spylje wy dan 2 x 30/35 min.
De lietsjes dy’t wy dan spylje binne ‘harksankjes mei humor’. Wy nimme ús eigen lûd mei en in ienfâldich ljocht foar in moaie sfear.
Ynformaasje oer boekingen? Nim kontakt op fia de telefoan of de mail.

In Priuwke
Besjoch us demofilmke fan Safier